Frysk yn’e klasse? Makliker as datst tinkst.
De Fryske Juf
De Fryske Juf helpt learkrêften om op in aardige en simpele wize mear Frysk te brûken yn de klasse.
Fan deiritmekaarten oant kompleet lesmateriaal by prachtige Fryske boeken, alles is derop rjochte om dy te stypjen.
Wy biede wurkwinkels, praktyske tips & tricks en aktive wurkfoarmen dêr’tst it Frysk leechdrompelich mei ynsette kinst.
Oft je no krekt begjinne of al aardich op dreef binne:
De Fryske Juf makket it maklik, leuk en helber.
Bekend fan Omrop Fryslân en foaral bekend by juffen en masters yn hiel Fryslân!
Bring it Frysk ta libben yn de klasse!
Wy helpe dy om op in aardige en simpele wize mear Frysk te brûken yn de klasse.
Oft je no krekt begjinne of al aardich op dreef binne: alle stappen telle!
Frysk yn’e klasse hoecht net dreech of grut te wêzen. Mei lytse oanpassingen kinne je al in soad berikke. Wy tinke mei en biede praktyske materialen dy’t je direkt ynsette kinne: fan deiritmekaarten en lesideeën oant wurkfoarmen by Fryske boeken.
Hoechst it net allinnich te dwaan, wy binne der om dy te ynspirearjen, te stypjen en sjen te litten dat Frysk brûke aardich én helber is foar elke groep.
Dus: begjin gewoan. Alle bytsjes helpe!
Doch mei
Brûk ús materialen yn de klasse en set tegearre mei ús it Frysk mear op’e kaart.
Dûk yn de ideeën
Untdek lesmateriaal, boeken en wurkfoarmen om daliks te brûken yn de klasse.
Sjogge wy dy op skoalle?
Boek in workshop of praat mei ús op in ynspiraasjedei earne yn Fryslân!
Wurkwinkels
Untdek de krêft fan it Frysk yn dyn klasse en organisaasje!
Jou it Frysk in plak bûten de boeken. Yn ús ynteraktive workshops krijst frisse ideeën en foarbylden. Fan kreative projekten oant praktyske tips dy’tst fuortendaliks brûke kinst. Sa giest nei hûs mei in rêchsek fol mooglikheden.
Oft je no dosint, bestjoerder of teamlid binne: wy litte sjen hoe’t it Frysk net allinnich in taal is, mar ek in boarne fan ferbining, grutsk wêze en wille ha.
Wy wiene al te gast by ROOBOL, Noventa en Tresoar!
De Fryske blog
De Fryske Blog bringt jo it lêste nijs, kulturele ferhalen en bysûndere eveneminten út Fryslân. Bliuw op’e hichte fan alles wat ús moaie regio te bieden hat!
Yn de media
De Fryske Juf komt geregeld yn ’e media. Yn kranten, tydskriften of online – oeral wurdt ferteld oer ús passy foar de Fryske taal en kultuer.
Mei De Fryske Juf bringst it Frysk ta libben yn’e klasse.
Mei ús workshops, tips en aktive wurkfoarmen makkest it Frysk op in leechdrompelige en aardige wize ûnderdiel fan dyn deistige lessen.

