Oer @DeFryskejuf

Oer ús

Wy binne Suzanne (links) en Rinskje (rjochts). Wy kinne elkoar al mear as 20 jier en binne al lang hiele goeie freondinnen. Wy binne opgroeid yn it selde doarp boppe Dokkum en wenje no in oantal jier, op krûp ôfstân fan elkoar, yn Dokkum. Wy sporte tegearre, spylje beide by Brassband UDI út Easternytsjerk en binne gek op feestjes wêr’t dûnse wurde kin. Nei jierren tegearre itselde bybaantsje dien te hawwen, wurkje wy no beide as ‘juf’ yn it ûnderwiis. Dêrneist diele wy ek ús passy foar it Frysk en meartaligens. Suzanne is neist learkrêft yn it basisûnderwiis ek ôfstudearre as Dosint Frysk en Rinskje is meartaligens/taalkoördinator.

Mei in kop tee of in goed glês wyn dogge wy graach spultsjes en hawwe wy it oer fan alles en noch wat. Sa is ek it idee foar dit akkount ûntstien. De reden dat wy mei De Fryske Juf begûn binne? Oare learkrêften ynspirearje en motivearje om harren ûnderwiis ek meartalich te meitsjen. Want ús Fryske taal…. dy mei nea ferlern gean, dêr meie wy grutsk op wêze en dat moatte wy oerbringe op de folgjende generaasjes.

Op nei noch folle mear folgers op Instagram, mylpeallen, dreamen, materialen, wurkwinkels en foaral entûsjaste learkrêften en bern foar it Frysk! Want Frysk yn de klasse? Makliker ast datst tinkst!

Leafs,
Suzanne en Rinskje