De Fryske juf komt geregeld yn ’e media. Yn kranten, tydskriften of online – oeral wurdt ferteld oer ús passy foar de Fryske taal en kultuer. Hjir fynst in oersjoch fan artikels, ynterviews en oare publikaasjes dêr’t De Fryske Juf yn neamd wurdt.
Heit & Mem
Alle dagen meartalich op de Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden.
Op OBS Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden krijt groep 5 les fan juf Rinskje Braaksma. De skoalle hat koartlyn opnij de sertifisearring krigen as trijetalige skoalle. Juf Rinskje stiet trije dagen foar de klasse klasse, en brûkt de oare dagen om boppeskoalsk de meartalich oanpak binnen Roobol nóch sterker del te setten.
Lês mear oer dit ynspirearjende inisjatyf op heit & mem.
Emigrearje nei Fryslân / Omrop Fryslân
@deFryskejuf Rinskje leart de Utertske Daan Warnas oer de Fryske taal én kultuer.
Yn it tv-programma ‘Emigrearje nei Fryslân’ nimt presintator Daan Warnas, oarspronklik ôfkomstich út Zeist, de stap om ‘te emigrearjen’ nei Fryslân. Hy ferkent it Fryske libben yn in lyts doarpke by Dokkum en dûkt djip yn de rike kultuer fan de provinsje. Rinskje Braaksma fan @ de-juf nimt Daan mei yn de wrâld fan de Fryske taal. Se leart him moaie Fryske wurden en tegearre prate se oer de emosjonele wearde fan it Frysk.
Klik hjir foar dizze moaie ôflevering fan Emigrearje nei Fryslân.
RTV NOF
3TS sertifisearring foar OBS Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden.
OBS Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden hat in feestlik momint belibbe: it behelle it prestizjeuze sertifikaat Trije Talige Skoalle “ Nij Elan ”, en dat waard fierd op it skoalplein. De learlingen dûnsen, songen (yn it Frysk, Nederlânsk én Ingelsk) wylst sy it sertifikaat yn ûntfangst namen op it skoalplein. Taalkoördinator en @deFryskejuf Rinskje is ‘grutsk’ op har trijetalige skoalle.
Klik hjir foar it folsleine ferslach fan dizze feestlike dei.
RTV NOF
Untdek Fryske Freed op KBS de Oanrin yn Twijzel.
In hertferwaarmjend inisjatyf wêrby’t de Fryske taal en kultuer sintraal steane. Learlingen fan groep 1 o/m 8 dûke fol entûsjasme yn kreative lessen, spul, lêzen en skriuwen yn it Frysk. Fan beukers dy’t sjongend en boartsjend ûntdekke, oant âldere bern dy’t har taalfeardigens fersterkje. Dizze dei ferbynt elkenien mei grutskens foar de Fryske taal en identiteit.
Klik hjir foar it folsleine artikel.
Facebook Theun de Vriesskoalle
Yntergrearre meartalich ûnderwiis yn in nutedop op op de Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden.
De Theun de Vriesskoalle út Feanwâlden yntegrearret har saakfakûnderwiis folslein mei de fakken Frysk en Ingelsk. Dat is neffens de metodyk CLIL (content langugage integrated learning). Dy metodyk giet út fan de oertsjûging dat in nije (frjemde) taal makliker en better leard wurdt as dy taal aktyf ynset wurdt. Taal en ynhâld binne sterk mei-inoar ferweve.
Nijsgjirrich wurden nei de oanpak fan de Theun?
Klik dan gau hjir en sjoch op dizze prachtige basisskoalle.
Omrop Fryslân
“Us bern binne de takomst fan de Fryske taal”
As Frysk koördinator, juf op basisskoalle KBS De Oanrin yn Twizel en @ de-juf nimt Suzanne Seepma it foartou yn it fersterkjen fan meartalich ûnderwiis binnen har skoalle en Noventa. Mei ûnder oare de wyklikse “ Fryske freed ” lit se de Fryske taal écht libje yn de klasse.
Lês hjir hoe’t sy tegearre mei har kollega’s wurket oan taalbelied.
Leeuwarder Courant
Mislukken is safolle leuker as net besykje.
Alle freeds wurdt de Fryske flagge úthongen op basisskoalle De Oanrin yn Twizel, in fleurich ritueel dat symboal stiet foar de leafde foar de Fryske taal, ek as eat (noch) net hielendal slagget. Juf Suzanne Seepma, ek Fryske koördinator, lit sjen dat flaters meitsje just learsum is: mei humor en lef wurdt de ‘Fryske Freed’ ekstra betsjuttingsfol yn de klasse. Untdek wêrom’t krekt it ‘mislearje’ safolle mear seit oer doar, ûntwikkeling én taalgefoel.
Lês fierder yn it oarspronklike artikel!
